Diggelfjoer (natoerferskynsel)
Diggelfjoer of dwaalljocht, wylde lantearne, spûkljocht, sint-elmusfjoer, hipperljocht en nachtlampke [1], is in natoerferskynsel dat optreedt as grutte ladingsferskillen opboud wurde eardat de ûntlading komt.
It ljochtferskynsel kin barre at foarwerpen by de grûn sa sterk laden wurde dat der (posityf) laden fûnken út weilekke. It ferskynsel hat in grien- of blau-wyt-eftige kleur. Diggelfjoer is net gefaarlik. It spoekeftige blau-wite ljocht kin minutenlang om in foarwerp dûnsje, mar fertart dêrby hielendal neat en it is frij fan waarmte. It ferskynsel docht him faak foar by ûnlijich en buoïch waar. By fleantugen is diggelfjoer gjin ûngewoan ferskynsel.
Namme
bewurkje seksjeIn ferklearring fan de Fryske namme is net bekend. Mooglik dat de fersprate ljochtpuntsjes tinken diene oan diggels fan ierdewurk.[2]
Yn oare talen wurdt it ferskynsel wol Sint Elmusfjoer neamd, nei Sint Erasmus, ek wol Sint Elmo. Sint Elmus wie patroanhillige fan de seelju, dy ’t it ferskinen derfan seagen as foarteken fan tichterby kommend ûnheil.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|