In ding (Aldfrysk: thing) wie in folksgearkomst foar rjochtspraak en wetjouwing yn de iere en hege Midsiuwen, earst yn de iepen loft. It Aldfryske rjocht ûnderskiede de 'echte Dingen' ('afta thing' of 'liodthing' (folksding)), trije kear jiers hâlden ûnder lieding fan de skelta en, dêr't alle frijen komme moasten en it troch de greve of dy syn fertsjintwurdiger late 'bodthing', ienris yn de fjouwer jier, dat folge wurde koe troch it 'fimelthing'. De funksje fan dit lêste is ûnwis. Utsein dizze Dingen wiene der ekstra sittings foar driuwende saken, bygelyks swiere misdriuwen. Dizze ferkringe yn de lette Midsiuwen de oarspronklike fêste Dingen.

In formulier dat yn de Germaanske mûnlinge proseduere- op straffe fan ferlies fan de saak- troch partijen of harren taalmans (prosesfertsjintwurdigers) wurdlik, sûnder fersprekken op haperjen sein wurde moast. De Aldfryske Dingen binne dialogen tusken partijen, skelta en asega. Inkele wichtige dingtalen steane yn it jonge Skoutenrjocht: it Jus Municipale Frisonum befet ôfsûnderlike dingtaal foar in oanklacht wegens deaslach.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: