Dirk Flentrop

Dirk Andries Flentrop (Saandam, 1 maaie 1910Santpoort, 30 novimber 2003) wie in Nederlânske oargelbouwer.

Flentrop wie de soan fan Hendrik Wichert Flentrop (1866–1950), de oprjochter fan it Saandamske oargelboubedriuw "Flentrop Orgelbouw" yn 1903. Dit bedriuw, dat oer de hiele wrâld bekend is, is aktyf yn Europa, de Feriene Steaten en Súd-Amearika en ferkeapet tsjintwurdich ek oargels oan Taiwan en Japan.
Flentrop krige yn 1968 in earedoktoraat yn de musikology oan it Amerikaanske Oberlin College, Ohio foar syn "pionierswurk yn de klassike oargelbou". Letter krige er nochris in earedoktoraat, no fan de Duke University yn Noard-Karolina. Opmerklik is de restauraasje fan de oargels út 1693 en 1735 fan de Katedraal fan Meksiko-Stêd, dy't er fan 1975 oant 1978 útfierde.
Yn 1982 waard er yn 'e Feriene Steaten eare mei in boek oer syn wurk dêr, skreaun troch oargelist John T. Fesperman.

Flentrop stoar yn de âldens fan 93 jier yn syn wenplak Santpoort.

BibliografyBewurkje

  • Dirk Andries Flentrop: De orgels in de Kathedraal van Mexico-City
  • John T. Fesperman (1982). Flentrop in America: an account of the work and influence of the Dutch organ builder D.A. Flentrop in the United States, 1939–1977. Sunbury Press. ISBN 0-915548-14-3.

Keppeling om utensBewurkje