Durk Hobbes fan Baerdt (Stellingwerven)
(Trochferwiisd fan Dirk Hobbes fan Baerdt (Stellingwerven))
Durk Hobbes fan Baerdt (20 july 1619 - 1673), wie grytman fan Eaststellingwerf en Weststellingwerf.
Wie de soan fan Hobbe Durks en Apollonia fan Vierssen, phil. studint yn Frjentsjer op 22 maart 1637, luitenant 1638, grytman fan Eaststellingwerf 1639, fan Weststellingwerf 1639-1673. Deputearre fan Steat yn 1641, 1656, 1671; kurator fan de Frjentsjerter Akademy (1655 - 1573). Hy troude mei Wypck fan Bootsma te Sonnegea op 6 septimber 1646 (hja wie in dochter fan Abbe fan Bootsma en Hylckje Herbranda), († 1681 of 1682. Ut dit houlik is in dochter berne, dy't noch gjin twa jier âld ferstoar en yn de grêfkelder yn Wolvegea begroeven leit.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|