Dirk van der Zee (Ljouwert, 2 juny 1937) wie in keatser foar LKC.

Hy begûn by buertkeatsferiening ‘Het Noorden’. Wûn yn 1953 de Freulepartij mei Tinus Dijkhuis en Wim Hulscher. Mei deselde maten wûn er yn 1956 ek de Jong Nederland. Ein 1958 begûn er as achterynse yn de earste klasse. Spile in pear jier ôfdielingswedstriden foar Baard yn Baard. Dirk van der Zee de fjouwer klassikers, bedoeld foar it Klaverke Fjouwer. Wûn de Bûnswedstryd yn 1959 en 1963 foar LKC en in 1967 nochris, no foar de keatsferiening “Baerd” te Baard. Yn 1960 folge de PC mei de maten Jan Sijtsma en Johannes Zijlstra. Keatste úteinlik mar 7 seizoenen troch in stikkene skouder. Yn 1964 spile Van der Zee mei de Bûnswedstryd syn lêste wedstryd. Helle tusken 1958-1964 134 punten foar it Ivich keatsklassemint mei 21 earste, 24 twadde en 23 tredde of fjirde prizen.

Waard ein 2007 earelid fan de Ljouwerter Keatsklup LKC Sonnenborgh. Van der Zee wie dêr ponghâlder en die noch oar frijwilligerswurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: