Distrikten fan Sweden

In distrikt is sûnt 1 jannewaris 2016 de lytste geografyske yndieling yn it befolkingsregister (folkbokföring) fan Sweden. De distrikten komme geografysk oerien mei de 2.523 parochys fan de Sweedske Tsjerke sa't dy op 31 desimber 1999 wienen.

De 2.523 distrikten yn Sweden

Op 1 july 1991 naam de Sweedske Belestingtsjinst (Skatteverket) de foegen oangeande it befolkingsregister oer fan de parochys. Foar de administraasje waarden de parochys oanholden, mar nei de skieding fan tsjerke mei steat op 1 jannewaris 2000 feroaren in protte parochys yn omfang. It beslút waard nommen om de gegevens fan sawol de parochys fan foar 2000 as dy fan dêrnei by te hâlden. Mei de yntroduksje fan distrikten op 1 jannewaris 2016 wie dit net mear nedich en hie de oerheid de administrative yndieling fan Sweden wer yn eigen hân.