Djippe steat
In djippe steat (oersetting fan it Turkske derin devlet) is in gearspanning fan in temûk netwurk dat ûnôfhinklik fan it polityk liederskip fan in steat operearret en syn eigen doelen en aginda neistribbet. It hat ornaris in negative lading en komt gauris oerien mei dy fan in skaadregear. It begryp steat yn in steat is in âlder en oerienkommend begryp. Dat begryp hie lykwols in mear positive lading en tsjutte in organisaasje oan dy't ûnôfhinklik besiket te wurkjen, wylst de "djippe steat" in ferburgen organisaasje is dy't de politike ienheid fan in steat besiket dwers te bongeljen.
Etymology en skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeistige begryp fan de "djippe steat" is besibbe oan Turkije, dêr't in ûndersteld temûk netwurk fan militêre offisieren en harren boargerlike bûnsmaten besykje de sekuliere oarder, dêr't it grûnwurk fan op de ideeën fan Mustafa Kemal Atatürk út 1923 op lizze, te hâlden. Likense ideeën binne lykwols âlder. It Grykske κράτος ἐν κράτει, (kratos en kratei) waard letter troch it Latyn oernommen as imperium in imperio of status in statu.
Yn de santjinde en achttjinde iuw wie der gauris noed oer de skieding tusken tsjerke en steat, wannear't dat net yn de rekken holden wurde soe, de tsjerke in soarte fan in steat yn in steat wurde koe dêr't de macht fan de steat by ûndermine wurde koe.
Yn de iere tweintichste iuw waard der gauris nei de "djippe steat" ferwiisd nei publike of privee-korporaasjes, dy't ûnôfhinklik fan de kontrôle fan de oerheid hannelje.
Feriene Steaten
bewurkje seksjeYn de Feriene Steaten waard it begryp "djippe steat" (Ingelsk: deep state) nei de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 troch Donald Trump, syn kabinet en de rjochtse media in soad brûkt as in ûngeunstich begryp. It waard benammen brûkt troch de nijs- en sosjale media yn it tiidrek fan it regear fan Trump om te ferwizen nei de ûnderdielen fan de Amerikaanske oerheid dêr't it regear fan Trump op tsjin wie. Nuver genôch wie Donald Trump de net-keazen woltierige kapitalistyske de facto-lieder fan de djippe steatbeweging yn de Feriene Steaten, sa't it yn 1985 skaaimerke waard.
Foarbylden
bewurkje seksjeFoarbylden fan organisaasjes dy't derfan fertocht waarden/wurde dat se de "djippe steat" of "steat yn in steat" binne:
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side. |