Dominicus Antonius Geertrudis Draper

Dominicus Antonius Geertrudis Draper (Ljouwert, 1 juny 1869Ynskedee, 3 febrewaris 1941) wie in Frysk muzikant en muzykpedagooch.[1][2]

Draper waard berne as soan fan Dominicus Antonius Harmannus Draper en Antje de Hey. Hy studearre fioele yn Amsterdam fan 1884 oant 1888 en yn 1895 in jier yn Parys.

Yn 1900 stichte Draper in muzykskoalle dêr't er sels fioeleles en pianoles joech. Helena, syn suster dosearre dêr piano en broer Andries fioele. De saneamde Draperskoalle hie oant 1914 in bloeiend bestean. De jierlikske útfiering fan de skoalle wie ferneamd. Draper joech ek in protte konserten mei muzikale famyljeleden.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 3 lieten yn it Frysk Lieteboek
  • It liet Jountiids Wémoed
  • de toanielmuzyk (suite) fan Mincelijn (1915).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: