Dominicus Jans Struiving

Dominicus Jans Struiving (Ljouwert, 7 febrewaris 1752 - dêre, 15 septimber 1815) wie in Ljouwerter keunstskilder.

Struiving is bekend woarn troch syn 'antique modes', behangsels en skoarstienkleden. Hy wenne nei 1777 oan de Nijstêd yn Ljouwert op it plak dêr't no it Struivingpoartsje stiet.