Dominus flevit
Dominus flevit (Latynsk foar "De Heare gûlde") is in fransiskaanske kapel op de Oliveberch yn Jeruzalim, Israel. Doe't Jezus neffens it Lukas 19:41 noch foar de yntocht yn Jeruzalim de Oliveberch delgyng en oer de stêd hinne seach moast er om de stêd gûle, om't Er foarseach dat de stêd ferneatige wurde soe.
Dominus flevit | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1955 | |
arsjitekt | Antonio Barluzzi | |
offisjele webside | ||
Custodiae Terrae Sanctae |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Italjaanske arsjitekt Antonio Barluzzi joech de tsjerke de foarm fan in trien. Dêrmei symbolisearre de arsjitekt it fertriet fan Kristus oer de oansteande ferneatiging fan Jeruzalim. Neffens it evangeelje fan Lukas waard Jezus op de tocht nei Jeruzalim oandien troch it lot dat de stêd en syn befolking wachte. Likernôch fjirtich jier letter, yn it jier 70, waard de foarsizzing fan Jezus werklikheid. Romeinske legers belegeren Jeruzalim en nei seis moannen fjochtsjen waard de Twadde Timpel ferneatige en de stêd mei de grûn lyk makke.
Oant it krúsfarderstiidrek stie der gjin kapel of tsjerke op de lokaasje dêr't Jezus om de stêd gûlde. Yn dy tiid wie der foar it earst ferearing op it plak dêr't de tsjerke no stiet. In lytse kapel waard boud, mar nei de fal fan Jeruzalim yn 1187 rekke de kapel yn ferfal. Oan it begjin fan de 16e iuw stie op it plak en moskee of koranskoalle, nei alle gedachten boud troch de Turken mei gebrûk fan it materiaal fan de kapel, al is de funksje fan dat gebou noch altiten net dúdlik.
It slagge de Fransiskanen net om de ruïnes oan te keapjen en dêrom kochten se in stik lân tichteby om dêr in kapel te bouwen. Yn 1913 waard foar de kapel in partikulier hûs boud, dat letter yn hannen oergyng fan de kongregaasje fan de Susters fan Sint-Joazef, dy't it lang om let wer ferkochten oan in Portugeeske frou. Yn 1940 ferkochten de benediktynske susters in diel fan it ûnreplik goed oan de Fransiskanen.
De Dominus flevit-tsjerke waard yn 1955 boud. It stiet op de resten fan in byzantynske tsjerke út de 5e iuw. It westlike raam sjocht út op de timpelberch, dêr't ea de Twadde Timpel stien hat.
Argeology
bewurkje seksjeNei't de Fransiskanen in diel fan de grûn fan de Benediktinen kocht hiene fersetten se de âlde grinsmuorre om in splitsing te meitsjen en yn 1953 begûnen de Fransiskanen mei de bou fan in oare muorre. By it lizzen fan de fûneminten groeven de wurklju âlde grêven op. Fan dat stuit ôf waarden der ûnder lieding fan de fransiskaan Bellarmino Bagatti opgravings op it plak útfierd.
Der waard in kanaänitysk grêf ûntdutsen út de lette brûnstiid en in nekropolis mei grêven út 136 foar Kristus oant 300 nei Kristus. Ek waard in byzantynske tsjerke út de 5e iuw ûntdutsen. De mozaiken fan de tsjerke lizze noch jimmeroan op it plak. De byzantynske mozaykflier datearret út it begjin fan de 7e iuw. Dielen fan de flier binne ek te sjen yn it moderne tsjerkegebou.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Dominus Flevit Church
|