De Domnastate stie west fan de tsjerke fan Weidum, destiids yn de gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel. De state stie hast tsjin de doarpsterp oan. Op it plak fan de state stiet yn 2010 in pleats. Oan de ein fan de Lytsebuorren oan de súdwestkant fan de tsjerke fan Weidum begjint de oprydleane nei Domnastate. Dizze lêste 'state' hat grif nea in eigenierde state west.

It ûntstean fan de state is ûnbekend. By de state heart it famyljetsjerkhôf fan de Buma’s. Mr. Wiardus Buma hat foar syn neiteam in stúdzjelien stifte en syn diel yn de eigendom fan de pleats oanwiisd as kapitaalfûns foar dit lien. De pleats waard yn 1977 brûkt troch in famylje Tijsma.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: