Domrémy-la-Pucelle
Domrémy-la-Pucelle is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Vosges (Fogezen). It doarpke leit oan de rivier de Maas; tichteby it doarp mûnet de Vair yn de Maas.
Domrémy-la-Pucelle | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Grutte Easten | |
Departemint | Fogezen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 91↓ (2019) | |
Oerflak | 8,99 km² | |
Befolkingsticht. | 10 / km² | |
Hichte | 270 m (trochsneed) |
Westlik fan de buorren, noch op de himrik, leit in lytse beboske hichte fan 407 m, mei de namme Bosk Domrémy. De hichte oersjocht it oanswettende doarpke Les Roises.
Domrémy-la-Pucelle is ferneamd omdat Jeanne d'Arc dêr berne waard. Har bertehûs is der noch en krige al yn 1840 de status fan monumint. It hûs is no part fan it museum. Eartiids hjitte it doarp fan Domrémy; "la Pucelle" is der oan taheakke omdat it de bynamme fan Jeanne d'Arc is, la pucelle d'Orléans (de faam fan Orléans).
Oardel kilometer besuden it doarp, op in hichte by it Bois Chenu, waard fan 1881 ôf de basilyk Sainte-Jeanne-d'Arc boud. De basilyk stiet op it plak dêr't Jeanne de stimmen fan hilligen hearde, dy't har oprôpen om Frankryk fan de Ingelsken (Godons) te befrijden.
Befolkingsûntjouwing
bewurkje seksjeJier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2007 |
Ynwennertal | 210 | 225 | 222 | 199 | 182 | 167 | 154 |
-
Bertehûs fan Jeanne d’Arc
-
Lânskip by Domrémy
-
Basilyk du Bois Chênu
-
Ynterieur fan de basilyk
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Toeristyske ynformaasje ((fr) )
- Jeanne d’Arc, Domrémy-la-Pucelle en tsjerke Remy (fr) (in) )
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Domrémy-la-Pucelle fan Wikimedia Commons. |