Don van der Meulen
Don van der Meulen (Emmen, 1953) is in byldzjend keunstner út Roan. Hy is dosint Byldzjende Foarming oan it Augustinuskolleezje foar fuortset ûnderwiis yn Grins.
As soan fan in arts en ek bydzjend keunstner groeide hy op mei keunst. Studearre Hânfeardigens en Tekenjen oan it Ubbo Emmius (NHL) en plastyske romtlike foarmjouwing oan de Akademy Minerva.
Syn wurk bestiet út ekspressive, figurative skulptueren en akwarellen. Hy byldhout en boetseart yn ûnder oare oksidearre, fûne en samle materialen dêr't er in nije werklikheid mei makket: De brûkte materialen krije in wiere metamorfoaze.
De assemblearde bylden út benammen metalen ûnderdielen dogge geweard oan. Op De Lemmer wie syn 'Junky' fan aluminium strips te sjen tsjin in reade plaats akryl. In oar manlik byld wie Ad@, in kop fan metalen snipels mei in reade slange der om, as wie it in apesturtsje.
Eksposysjes
bewurkje seksje- InArt, De Lemmer; (2011)
- Open Stal rûte; (2010)
- Keunstmoanne It Amelân; (2010)
-
Hjitholle
-
De Bolle
-
Schizofreen
-
Venus del Ferro
-
Schizo
-
Frou yn beweging
-
Junky
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|