In dongstruier wurdt brûkt om rûge dong, kompost of ôfeart (foerôffal) oer gers- of boulân te fersprieden.
De dongstruier wurdt troch in trekker lutsen. De boaiem fan de dongstruier, en de skûpenas, dy't oan de efterkant fan de dongstruier sit, wurde oandreaun troch de ôftakas fan de trekker. De boaiem fan de dongstruier wurdt mei keatlings nei efteren treaun, sa't de ynhâld fan de struier tsjin de skûpenas treaun wurdt. Om't dy as tige hurd draait, wurdt de dong oer it lân ferspraat.

Nijmoadrige dongstruier
Dongstruier yn 1954