Douwe Geales Galema
(Trochferwiisd fan Douwe Galema)
Douwe Geales Galema (? - Frjentsjer, 8 oktober 1505) wie in Fryske haadling.
Skiednis
bewurkje seksjeDouwe Galema wenne te Akkrum op de famyljestate. Hy wie in soan fan Gale Galema en Tryn Douwes fan Harinksma. Hy wie in broer fan Yge Galema. Yn 1492 slút er him oan by it ferbûn fan de Sânwâlden mei Grins. Hy wie Fetkeaper en yn 1494 mei oaren tsjin de beneaming fan Juw Dekema as potestaat fan Fryslân (GsvD-98).
Douwe Galema waard yn 1501 as ien fan de wichtichste tsjinstanners fan it Saksyske bewâld finzen set yn Frjentsjer en neffens it "Dootboeck" waard hy dêr op 8 oktober 1501 ûnthalze op lêst fan de Saksen (sjoch ek GJB 1981-83). Syn soan Sikke Douwes Galema boaske mei Jets, dochter fan Take Obbema, fan de Skieringer partij.