Douwe Simons Gorter
Douwe Simens Gorter (De Jouwer, 3 augustus 1811 - Balk, 27 augustus 1876) wie in minniste predikant yn Starum en Warns yn 1834, en yn Balk sûnt 7 maaie 1854.
Douwe Gorter wie de soan fan Simen Gorter, minniste dûmny op De Jouwer fan 1801 oant 1831) en yn Zijldijk oant 1856. In broer fan Douwe Gorter wie predikant Klaas Simens Gorter (1822-1901). Douwe Gorter wie troud mei Tryntsje Koopmans († 25 oktober 1885). Harren soan wie Simen Gorter.
Douwe Gorter waard benammen bekens as redakteur fan doperske lektuer. Sa wie hy útjouwer fan in yn Snits útjûn jierboek yn 1854, 1856 en 1858. Dat wie in fuortsetting op it Jierboekje fan Muller dat yn 1850 foar it lêst ferskynd wie. De 'Doopsgezinde Bijdragen' wiene sûnt 1861 de fuortsettings fan dit jierboek. Yn de jiergong fan 1854 skriuwt Gorter in stúdzje oer Hans van Overdam en de gemeente fan de Dopersken yn Gint (side 41-104).
De Nederlânske dichter Herman Gorter (1864-1927) wie in pakesizzer fan Douwe Gorter.[1]
Bibliografy
bewurkje seksje- Onderzoek naar het kenmerkend beginsel der Doopsgezinden, benevens een aanhangsel bevattende een beantwoording en toelichting van de voorstelling en beoordeeling der Doopsgezinde beginselen door prof. J.H. Scholten (Snits 1850).
- De theologie van prof. J.H. Scholten, getoetst ten opzigte van hare wijsbegeerte, openbaringsbegrip en inhoud des geloofs (Grins, 1858)
- Brief oan J. Visscher over de waardeering van den kinderdoop (yn Jierboek Wittenskiplike teol. 1851)
- De Christelijke doop (Sneek 1854); Onderzoek naar den genoegzamen en noodzakelijken regel van een christelijk kerkgenootschap (1852)
- Brief oan J.H. Scholten oer syn ‘Leer der Hervormde Kerk’ (1853)
- Opmerkingen over het gezag van de schriften des N.T. aan Van der Brugghen (1854)
- De persoon van Christus (1858)
- Licht en schaduwzijde der moderne Theologie (Grins, 1862)
- Vruchten van onderzoek en strijd in een veertigjarige Evangeliebediening (Snits, 1874).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|