Douwe de Jong (Ljouwert, 12 maaie 1941Grins, 20 maart 2005 ) wie in Frysk dammer dy't in tsien kear kampioen waard fan it Provinsjaal Grinzer Dambûn en de titel fan Nasjonale Master helle.

Douwe de Jong
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 12 maaie 1941
berteplak Ljouwert
stjerdatum 20 maart 2005
stjerplak Grins
sportive ynformaasje
sport Damjen
earste titel Frysk jeugdkampioen
wichtige prestaasjes
3e NK damjen

Douwe de Jong hie it damjen net fan frjemd want syn mem wie in suster fan Roel- en Pieter Bergsma. Heit Piet de Jong damme by Damclub Huizum. Douwe spile foardat hy nei Grins gie om te studearjen by Damclub Ljouwert, dy't yn de jierren fyftich de meast promininte club fan Fryslân wie.

Al gau krige hy te meitsjen mei de opkommende talinten Ton Sijbrands en Harm Wiersma. Syn earste súkses helle er yn 1957 troch Nederlânsk jeugdkampioen te wurden. De Jong waard yn 1962, 1963, 1965, 1966, 1968, 1969, 1970, 1972, 1980 en 1985 kampioen fan it Provinsjaal Grinzer Bûn. Hy die tsien kear mei oan it Nederlânsk kampioenskip. Hy helle syn heechste plak op de ranglist yn 1972 mei in tredde plak. Hy soe oant syn dea by damklup Grins spylje, dêr't er mei 29 clubtitels rekôrkampioen fan de club waard. Yn 1976 waard hy mei de club Nederlânsk kampioen.

Yn Fryslân wie hy ûnder oaren ien fan de organisators fan it Westeuropeesk Sônetoernooi en it WK Junioaren. Fan 1960 ôf wenne De Jong yn Grins, dêr't er earst studearre en letter wurke oan de Ryksuniversiteit Grins as dosint wiskunde. Dêr siet er yn organisaasjekommitees fan WK`s, NK`s en oare toernoaien en wie hy jierrenlang bestjoerslid fan de KNDB en arbiter. Hy wie ek ien fan de driuwende krêften fan it organisaasjekomitee dat yn 1986 en 1990 it wrâldkampioenskip nei Grins helle. Yn it yn 2005 noch te hâlden NK yn Grins soe De Jong arbiter wêze. As ynternasjonaal arbiter late er meardere ynternasjonale toernoaien yn binnen- en bûtenlân.

Dêrnjonken wie hy koördinator fan wedstriden, sikretaris fan it dambûn, belangebehertiger fan Nederlânske topdammers, bestjoerder fan de Damclub Grins en coach fan it Nederlânske damteam. De Jong holp mei om it hjoeddeistige Spul- en Wedstrydreglemint fan it dambûn út 1980 op te stellen.

Op Keninginnedei 2004 krige hy út hannen fan boargemaster Jacques Wallage fan Grins in keninklike ûnderskieding foar syn fertsjinsten foar de damsport en foar syn wurk by de Universiteit fan Grins, dêr't hy oant mids 2004 dosint wiskunde wie. [1]

  • 1963: 7e NK damjen
  • 1964: 12e NK damjen
  • 1966: 8e NK damjen
  • 1967: 11e NK damjen
  • 1969: 8e NK damjen
  • 1970: 11e NK damjen
  • 1972:   NK damjen
  • 1973: 4e NK damjen
  • 1974: 6e NK damjen
  • 1975: 12e NK damjen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsje

  1. Biografy fan De Jong