Draairee is in term dy't brûkt wurdt foar it beskriuwen fan moles. At in mole draairee is, wol dat sizze dat de mole yn in steat ferkeart dy't goed genôch is om draaie te kinnen. De konstruksje fan de mole moat hjirfoar yn goede steat wêze en de wjukken of, yn gefal fan in skeprêdmole it skeprêd, moatte wol draaie kinne. De term wurdt lykwols allinnich brûkt at it geandewurk net mear oanwêzich is, net mear kompleet is as net mear funksjonearret. Is it geandewurk al ynoarder, dan wurdt de term mealree brûkt.

At in mûne dy't draairee is ek wier draaid wurdt, dan wurdt dat meale foar de Prins neamd. Dy útdrukking moat ûntstean wêze yn de Tachtichjierrige Kriich, wêrby't de Spanjerts in stêd belegeren en besochten dy út te hongerjen. As it nôt op wie, waard der troch trochmeald om de fijân sa de yndruk te jaan dat der noch genôch iten wie.