Draak (boartersguod)

In draak wurdt droegen troch de wyn, en hat ornaris ien as mear trieden der oan dêr't er mei betsjoerd wurde kin. It fleanen mei in draak hjit 'draak(je)fleane' of 'draakjeie'.

Draakjeie
Alderhande soarten draken

Ornaris is in draak makke fan papier as stof, foar in grut oerflak dat de wyn fangt, mei stokjes der yn foar de stevigens. It spultsje is dan om de draak wyn fange te litten en dan fleane te litten mei allinnich de tried(en) as hâld. Draken mei ien tried kinne fral op de wyn flean wurde; draken mei mear trieden kinne ek yn bewegings stjoerd wurde.

Njonken as boartersguod kinne draken ek brûkt wurde om in slide te lûken, of om it wicht fan in lêst te dragen.

Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.