Dracht (strjitte)
De Dracht is de âldste strjitnamme en winkelstrjitte fan It Hearrenfean.
De Dracht rint fan it krúspunt Breedpaad/Van Harenspaad (earder de haadbrêge oer de Skoatterlânske Kompanjonsfeart) yn súdeastlike rjochting troch it sintrum oan de Koarnbeurswei ta. Eartiids rûn de Dracht oan de Van Riesenstrjitte ta en waard it ferfolch "Ferlingde Dracht" neamd, noch letter omneamd ta "Boargemaster Falkenawei". De "Dracht" waard earder ek wol Dragt en Dragte neamd en bestie al foar 1600. Der wurdt oannomd dat de namme ûntliend is oan in wetterstreamke dat hjir rûn út de feanmoerassen wei. Al om 1600 hinne wienen hjir winkels en bestie it al as lân- en wetterwei foar de stifting fan It Hearrenfean. It stik strjitte (letter "Achter de Tsjerke") fan de "Alde Komerk" ("Fleismerk") oant de "Fok" (Posthûs) hiet yn 1784 noch "De Cromme Dragte". De eardere gemeente Skoatterlân kocht op 28 april 1926 "De Dracht" (oan it súdlike diel ta) fan it Ryk foar f. 1,--. Dêrmei kaam it behear en ûnderhâld foar rekken fan de gemeente.
Yn datselde jier waard de Dracht opnij fluorre en ferdwûnen de "bernekopkes" dy't der sûnt midden 18e iuw leinen en waarden ferfongen troch kubus-eftige stiennen. In pleatslike bakker fûn hjiryn oanlieding om in gebaksoarte te meitsjen mei de namme : Feanster strjitstien". Yn 1952 binne de gewoane klinkerts yn komd ynstee fan de balstiennen dy't der al foar 1855 yn sitten hawwe moatte. Yn de 18e iuw wie der al sprake fan frijwat regelmjittige streekbebouwing. Noch oant fier yn de 20e iuw hienen in soad pannen in stoepen, stoepepeallen, beammen en stekjes. Yn 1952 waarden op it bredere súdlike gedielte inkele foartúntsjes, stoepen en sa fan partikulieren oankocht, dy't dêrnei befluorre waarden en in stoepe krigen. Yn 1963 krige de Dracht in ticht weidek enwaarden de stopen wat ferbrede. Yn 1973 folge ynrjochting as prommenade mei sierbestrating.