Drachten Diamonds

De Drachten Diamonds is in honkbal- en softbalferiening út Drachten

SkiednisBewurkje

De feriening waard op 20 april 1961 oprjochte as Honkbal Vereniging Drachten. Yn 1969 werd de titel feroare yn Honk en Softbalvereniging Drachten en no wurdt de namme Drachten Diamonds fierd. De oprjochters wiene in aantal honkbalentûsjasten dy't destiids allegear by de Philips-fêstiging yn Drachten wurken en it honkbal meinomd hiene út Eindhoven dêr't se spilen. Yn 1996 waard in jubileumboek útjûn ta eare fan it 35-jierrich bestean en yn 2001 waard it fjirtichjierrich jubileum fierd mei in grut toernoai.

FerieningBewurkje

Yn 2011 hat de feriening om de hûndert leden dy't yn meardere teams spylje. Der is in earste honkbalteam hearen dat útkomt yn de lanlike tredde klasse fan de KNBSB en in twadde hearenteam. Yn de jeugd is der in junioarehonkbalteam foar spilers fan 16 oant 20 jaar, in aspirantehonkbalteam foar spilers fan 12 oant 16 jier, in mingd pupilleteam honkbal foar spiler fan 9 oant 12 jier en in mingd peanutbal-team foar bern boppe de fiif jier. De feriening hat ek in damessoftbalteam dat ek útkomt yn de lanlike bûnskompetysje yn de tredde klasse en in rekreanteteam. De feriening hat in eigen akkomodaasje oan de Sportleane mei eigen fjilden en in clubhûs.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: