Dublin (Iersk: Baile Átha Cliath) is de haadstêd fan Ierlân en is ek de haadstêd fan greefskip Dublin en fan de provinsje Leinster. De stêd leit oan de eastkust fan it lân en wurdt fan de rivier de Liffey trochsnien.

Dublin
Baile Átha Cliath
Polityk
Lân Ierlân
Provinsje Leinster
Boargemaster Hazel Chu
Sifers
Ynwennertal 506.211(2008)
Oerflak 115 km²
Befolkingsticht. 4398 / km²
Stêdekloft 1.661.185
Oar
Stifting 988
Tiidsône WET (UTC0)
Koördinaten

Dublin yn it jier 988 stifte troch de Wytsingen. It plak groeide út ta it Keninkryk Dublin en waard it wichtichste plak nei de Normandyske ynvaazje. De stêd stiet op it 29e plak fan stêden yn de Global Financial Centres Index en is ien fan de fluchst waaksende haadstêden yn Europa. It is it histoaryske en kulturele sintrum fan it lân en teffens in modern sintrum fan ûnderwiis, keunsten, oerheid, ekonomy en yndustry.

Berne yn Dublin

bewurkje seksje