Duorsume ûntwikkeling

Duorsume ûntwikkeling is ûntwikkeling dy't oanslút op de behoeften fan tsjintwurdich sûnder it fermogen fan takomstige generaasjes om yn harren eigen behoeften te foarsjen yn gefaar te bringen, neffens de definysje fan de VN-kommisje Brundtland út 1987.

Duorsumheid giet oer de krapte fan de natuerlike helpboarnen dêr't wolfeart mei fuortbrocht wurdt, net allinnich no mar ek yn de takomst. De oerflakte fan de ierde is einich; grûnstoffen kinne op reitsje; en de opnamekapasiteit fan de atmosfear en ús natuerlike omjouwing hat syn grinzen.

De termen duorsumheid en duorsum komme oarspronklik út de boskbou. Letter waarden se ek yn de fiskerijbiology brûkt. Yn beide gefallen wie de betsjutting besibbe mei begripen út de ekology. It gie der om de natuer sadanich te behearen dat de natuerlike struktueren en prosessen net prinsipieel oantaaste waarden. Konkreet: oan fiskgrûnen mocht net mear fisk of hout ûntlutsen wurde as der troch natuerlike oanwaaks fansels wer bykomme soe. It respektearjen fan dy ‘gebrûksromte’ betsjut dat ek takomstige generaasjes der gebrûk fan meitsjen bliuwe kinne.

By duorsume ûntwikkeling is dus sprake fan in ideaal lykwicht tusken ekologyske, ekonomyske en sosjale belangen. Alle ûntwikkelingen dy't op technologysk, ekonomysk, ekologysk, polityk of sosjaal flak bydrage oan in sûne ierde mei woltierige bewenners en goed funksjonearjende ekosystemen binne duorsum.

Keppeling om utens

bewurkje seksje