Eagles (band)

(Trochferwiisd fan Eagles (rockband))

De Eagles wie in Amerikaanske country-rock band dy ’t yn it begjin fan de jierren santich oprjochte waard yn Los Angeles. Harren album “The Eagles-Their Greatest Hits 1971-1975” is it bêst ferkochte album fan alle tiden yn de Feriene Steaten.

Eagles
band
Eagles yn 2008
Eagles yn 2008
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Country,
Rock
bestean 19711980,
1994–No
label(s) Asylum,
ERC
webside Offisjele webstee
âld-leden Glenn Frey sang & gitaar (1971–2016) †
Bernie Leadon gitaar (1971–1975, 2013-2016),
Randy Meisner bas & gitaar (1971–1977),
Don Felder gitaar & sang (1974–1980, 1994–2001),
Deacon Frey sang & gitaar (2017–2022)
leden
Drums &
Sang
Don Henley
Gitaar & Toetsen Joe Walsh
Bas Timothy B. Schmit
Gitaar Vince Gill

Yn it begjin wiene se de begeliedingsband fan Linda Ronstadt, mar al gau gongen se har eigen wei. Se spilen country-rock, in kombinaazje fan country, bluegrass en rock. De oprjochters fan de band wiene Glenn Frey (gitaar en toetsen), Don Henley (drums), Bernie Leadon (gitaar, mandoline en banjo) en Randy Meisner (basgitaar). Werkenber wie ek it tegearre sjongen fan Henley en Frey.

Harren earste album “Eagles” (1972) bestie út in tal rockende lieten en sêftere musyk mei in soad country ynfloeden. De bekindste lietsjes fan dat album binne “Take it Easy”, “Witchy Woman” en “Peaceful Easy Feeling.” It twadde album “Desperado” (1973) hie as tema “banditen út it Wylde Westen”. Op de efterside fan it album lizze de mânljue as echte banditen fêstbûn op ‘e grûn. Foaral de titelsong is bekind wurden. Fierders steane der wer sawol rock- as countrylietsjes op. Op it twadde album binne de measte lietsjes skeaun troch Don Henley en Glen Frey, soms tegearre en soms mei oaren.

Foar it tredde album “On the Border” waard Don Felder, in goede freon fan Bernie Leadon, frege om mei te spyljen. Hy waard it fiifde lid fan de band. Tusken it opnimmen fan it fjirde album “One of These Nights” (1975) en de toernee dy’t dêrop folge, ferliet Bernie Leadon de groep omdat er net meidwaan woe mei the endless partying mei alkohol en drugsgebrûk. Hy waard ferfongen troch Joe Walsh dy’t al suksessen hân hie mei syn band The James Gang en as solist. Hy stiet bekind as goede slide-gitaar spiler en hat in hiel eigen, wat rûgere, styl.

It album “Hotel California” (1976) wurdt harren grutte súkses. Op dat album steane û.o. lietjes oer ûnskuld, lykas it kalme, melodieuze countryferske “New Kid in Town” en ferlieding (it rockende “Life in the Fast Lane”). Yn de titelsong sjonge se “You can checkout any time you want but you can never leave”. Dat liet stiet alle jierren by de boppeste fiif fan Radio2 Top 2000. Under de toernee dy ’t folge op dit album, stoppe Randy Meisner omdat er syn nocht hie fan it libjen yn hotelkeamers. Hy woe leaver yn de rêst fan Nebraska wurkje oan syn solo karriêre. Hy waard ferfongen troch Timothy B. Smith dy't lykas Randy Meisner in heech stimlûd hat dat hiel goed by de oare sjongers past.

Yn 1978 brochten se it (tenearsten) lêste album “The Long Run” út. De sfear tusken de mannen waar hieltiid minder. Nei The Long Run-toer yn 1980 besletten se om útelkoar te gean. Yn 1994 kaam de band wer byelkoar en brochten sy in live-album út dat hjitte “Hell Freezes Over” nei oanlieding fan in útspraak fan Henley, dy ’t sei dat de band pas wer byelkoar komme soe “as de hel befriest”, in populére Amerikaanske útdrukking. It album “Hell Freezes Over” bestiet foar it grutste part út live opnamen oanfold mei fjouwer nije lietsjes. Glen Frey sei tsjin it publyk: We never broke up, we just took a 14 year vacation.

Don Felder waard yn 2001 út de band set omdat er it der net mei iens wie dat Henley en Frey mear fertsjinnen as de oare bandleden. De Eagles brochten yn 2007 in nij album út, dat Long Road out of Edenneamd waard. Hja holden noch in grutte tour The History of the Eagles wêrfan ’t it lêste konsert jûn waard yn july 2015. Glen Frey is begjin 2016 ferstoarn. Yn 2017 hawwe de Eagles twa konserten jûn mei syn soan Deacon Frey en country muzikant Vince Gill as ferfangers fan Glen Frey.

Studio-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op Label Single(s)
Eagles 1 juny 1972 Asylum Take It Easy,
Witchy Woman,
Peaceful Easy Feeling
Desperado 17 april 1973 Tequila Sunrise,
Outlaw Man
On the Border 22 maart 1974 Already Gone,
James Dean,
Best of My Love
One of These Nights 10 juny 1975 One of These Nights,
Lyin' Eyes,
Take it to the Limit
Hotel California 8 desimber 1978 New Kid in Town,
Hotel California,
Life in the Fast Lane
The Long Run 24 septimber 1979 Heartache Tonight,
The Long Run,
I Can't Tell You Why
Long Road Out of Eden 30 oktober 2007 ERC How Long,
Busy Being Fabulous
Album Utbrocht op Label
Eagles Live 7 novimber 1980 Asylum
Hell Freezes Over 8 novimber 1994 Geffen
Live from the Forum MMXVIII 16 oktober 2020 Rhino

Kompilaasje-albums

bewurkje seksje
Album Utbrocht op
Their Greatest Hits (1971–1975) 17 febrewaris 1976
Eagles Greatest Hits Volume 2 13 novimber 1982
The Best of Eagles 10 maaie 1985
The Legend of Eagles 1988
The Very Best of the Eagles (1994) 11 july 1994
Selected Works: 1972–1999 14 novimber 2000
The Very Best of the Eagles (2001) 28 maaie 2001
The Very Best Of /

The Complete Greatest Hits

21 oktober 2003
Eagles 15 maart 2005
The Studio Albums 1972–1979 25 maart 2013
Legacy 2 novimber 2018

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: