Poadium

(Trochferwiisd fan Earepoadium)

In poadium (meartal: poadia) is in ferheging om op te stean of om wat op te bouwen. It wurd komt fan it Grykske πόδι, pódi, dat "foet" betsjut. De meast gongbere foarm in poadium is in ferheging dêr't persoanen op stean geane om foar it omsteand laach better te sjen te wêzen, en/of om sels in better oersjoch te hawwen. Teäters, skouboargen, konserthallen, nachtklubs, poppoadia en oare gelegenheden dêr't lju optredens fersoargje, hawwe in ynboud (of soms in ôfbrekber) poadium, dêr't it optreden op plakfynt. Ek by bygelyks popkonserten yn 'e iepen loft wurdt in poadium boud dêr't de sjonger of band op stean kin. De poadiumkeunsten, dy't toaniel, teäter, foardrachten, sang en dûns omfiemje, wurde sa neamd om't se plakfine op in poadium. Mei de term 'iepen poadium' wurdt oanjûn dat it om in foarstelling giet dêr't eltsenien dy't dat wol oan dielnimme mei. Ek foar taspraken en lêzings wurdt faak in poadium brûkt.

Oare foarmen fan poadia binne it opstapke dêr't in dirigint op stiet om better sichtber te wêzen foar de leden fan syn orkest, en it earepoadium, dat yn 'e sport brûkt wurdt om 'e winners te earjen. Dat bestiet út trije platfoarms fan ûngelikense hichte, wêrby't dejinge dy't it earste plak behelle hat op it heechste platfoarm komt te stean, en dejinge dy't it trêde plak behelle hat op it leechste. It earepoadium wurdt brûkt by de seremoniële útrikking fan 'e gouden, sulveren en brûnzen medaljes. In hiel oar soarte poadium is de krepis, in boukundich ûnderdiel fan benammen Romeinske timpels, yn 'e foarm fan in massyf mitselwurk dat him boppe grûn ferheft en dêr't it eigentlike gebou op boud is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side en References, op dizze side.