Earste Trijemanskip
It earste trijemanskip of triumviraat wie in polityk bûnsmaatskip, sletten yn 60 f.Kr. troch Gaius Julius Caesar, Gnaeus Pompeius Magnus en Markus Krassus, nettsjinsteande dat de trije inoar wantrouwen. Wat harren feriene wie de winsk om de ynfloed fan de senaat te beheinen. Der soe neat mear yn de Romeinske polityk barre kinne sûnder harren ynstimming.
It earste trijemanskip ûntstie ein jierren 60 doe't de trije manlju ûnderinoar ferskillende ôfspraken makken. Sa soe Caesar konsul wurde by de ferkiezings fan 59 f.Kr. en der foar soargje dat oarlochsfeteranen fan Pompejus in stik lân krige soenen. Fierders waard ôfpraat dat Caesar nei syn konsulaat foar fiif jier gûverneur wurde soe fan Gallia Cisalpina (Noard-Itaalje), Gallia Transalpina (part fan Galje dat oan de oare side fan de Alpen lei) en in part fan Illyria (it eartiidsk Joegoslaavje). Rillegau die bliken dat Caesar it measte foardiel út dat trijemanskip helle.
It bûnmaatskip einige doe't Krassus sneuvele yn de striid tsjin de Parten yn 53 f.Kr. Pompejus rekke dêrtroch yn it neidiel. De oare twa krigen iepentlik spul en striid ûntstie doe't Pompejus "konsul sûnder kollega" waard en dêrmei feitlik allinnich de macht krigen hie. Caesar krige op 7 jannewaris 49 f.Kr. de opdracht fan de senaat syn kommando del te lizzen. Pompeius waard tagelyk hjitten om de Republyk te ferdigenjen. Caesar luts de Rubikon, de swette tusken syn mandaatgebiet en Itaalje, oer mei de wurden alea iacta est ('de tearling is smiten) en joech dêrmei iepentlik oan op in steatsgreep út te wezen. Pompejus slagge der net yn in like grut leger as dat fan Caesar op 'en bien te bringen en koe allinnich nei it Easten flechtsje. De boargeroarloch wie no echt. Om de macht fan Pompeius te brekken, luts Caesar alderearst nei Spanje ta. Dêrnei sette hy de efterfolging fan Pompejus yn. By in earste treffen tusken beide legers wie Caesar de ûnderlizzende partij. Letter waard Pompejus lykwols ferslein en yn Egypte fermoarde, dêr't Ptolemaeus XIII Theos Philopator it foar it sizzen hie. Hy hjitte de dea fan Pompejus en bea Caesar de holle fan Pompeius oan om by him yn de geunst te fallen.