Eastbergysk

(Trochferwiisd fan East-Bergysk)

Eastbergysk (Dútsk Ostbergisch) is in dialekt yn Dútslân dat praat wurdt oan 'e grins fan Westfalen yn it Berchske Lân. It is fan Nederfrankyske komôf, en dêrtroch tige nau besibbe oan it Nederlânsk. De taal wurdt ta de Westgermaanske talen rekkene.

It Eastbergysk nimt tusken it Limburchsk en it Nedersaksyske Westfaalsk in tuskenposysje yn. It dialekt is ek tige nau besibbe oan it Kleverlânsk. East-Bergysk wurdt mei it Kleverlânsk as in dialekt fan it Nederlânsk beskôge.

Eastbergysk wurdt sprutsen yn it gebiet eastlik fan de Uerdinger liny en yn de stêden Mühlheim oan de Roer, Essen-Werden, Essen-Kettwig, Velbert-Langenberg, Wuppertal-Elberfeld, Remscheid-Lüttringshausen, Remscheid-Lennep, Radevormwald, Hückeswagen, Wipperfürth, Marienheide, Gummersbach en Bergneustadt.

Keppeling om utens bewurkje seksje