Eastafrikaanske dwerchgeit
De Eastafrikaanse dwerchgeit foarmet mei de Westafrikaanske dwerchgeit de twa oarspronklike soarten dwerchgeiten.
Dizze bisten hawwe koarte poatsjes, in hoekige bou en in dik liif. De Eastafrikaanske dwerchgeit is de grutste fan de beide mei in skofthichte foar de bok fan 65 sm. en foar de geit fan 60 sm. De Westafrikaanske dwerchgeit is wat lytser mei in skofthichte foar de bok fan 50 sm en foar de geit fan 40 - 45 sm. De bisten sjogge der slank en elegant út mei relatyf lange poaten.