In edelgas, ealgas, of ek wol ynertgas neamd, is in skiekundich elemint út de edelgasgroep fan it periodyk systeem. De oerienkomst fan de eleminten út de edelgasgroep is dat de bûtenste elektroaneskyl alhiel folle is. Bygelyks de skyl fan helium is mei de 1s²-konfiguraasje fol en neon hat in 1s²2s²2p6-konfiguraasje, dêr't de bûtenste (twadde) skyl alhiel folle is.

Helium
Neon
Argon
Krypton
Ksenon

It gefolch fan it fol sitten fan de bûtenste skyl is dat der gjin enerzjy te winnen is troch bygelyks twa atomen tichte byïnoar te bringen en harren golffunksjes meiïnoar te foegjen. De kofalinsje fan in edelgas is dus 0.

Lege edelgassen

bewurkje seksje

De lege edelgassen helium en neon komme allinne foar as mono-atomêre gassen, en ferbine allinne mei oare eleminten yn bysûndere tastân. Om't hja min reagearje mei oare eleminten binne dy eleminten ek wol ferneamd as ynerte gassen.

Swiere edelgassen

bewurkje seksje

Fan de swiere edelgassen krypton, ksenon en radon binne wol ferbinings mooglik om't de lege skilen bûten de folle skyl leech genôch yn enerzjy binne om dochs noch ferbinings mei oare eleminten oan te gean. Argon sit der lykwols tuskenyn. Dêrfan binne de eksimearen bekend as ArF+. Dat is in kompleks fan argon en fluor dat net lang libbet. Allinne de oansleine tastân lit in bining sjen. As it wer yn de grûntastân werom falt, falt it kompleks útinoar. It eksimear wurdt ek wolyn lasers brûkt.

2
He
10
Ne
18
Ar
36
Kr
54
Xe
86
Rn
118
Uuo