Edmé Quenedey des Ricets

Edmé Quenedey des Ricets (ek: Edmé Quenedey) (Riceys-le-Haut, 17 desimber 1756 - Parys, 16 febrewaris 1830) wie in Frânsk keunstskilder en graveur, dy't fral bekend waard fan syn miniatueren.

Selsportret, 1803

Hy kaam út in húshâlding fan acht bern. It wie ynearsten de bedoeling dat er preester wurde soe, mar yn 't plak dêrfan studearre er yn Dijon. Hy begûn syn karriêre mei it restaurearjen fan skilderijen. Doe't de fysionotrase útfûn waard, makke er gebrûk fan dy technyk foar it meitsjen fan portretten.

Hy wie boaske oan Marie-Madeleine Pella, sy krigen twa bern, Adèle and Aglaë; de lêste soe letter assistint fan syn heit wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • René Hennequin: Edme Quenedey des Riceys (Aube): portraitiste au physionotrace : un "photographe" de l'Époque de la Révolution et de l'Empire, Société Académique de l'Aube, 1926.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Edmé Quenedey fan Wikimedia Commons.