Eduard August Otto de Casembroot

Eduard August Otto de Casembroot (Oud-Vossemeer (gemeente Tholen), 20 juny 1812 - De Haach, 28 septimber 1883) wie in Nederlânske jonkhear, luitenant-generaal, mearfâldich minister fan Oarloch en gûverneur fan de prins fan Oranje, de âldste soan fan kening Willem III.

Gravuere fan Adrianus Johannes Ehnle nei Nicolaas Pieneman

De Casembroot wie fan 30 jannewaris 1820 oant 12 oktober 1837 keamerjonker yn bysûndere tsjinst fan de Nederlânske keninginne Wilhelmina fan Prusen. Hy wie ek in fertrouweling fan kening Willem III. De Casembroot wie acht jier lang gûverneur fan syn âldste soan Willem en yn dy funksje belêste mei syn opfieding. Dêrfoar wie er oardel jier ûndergûverneur fan Willem en syn bruorren.
Fan 18 juny 1852 oant 28 septimber 1883 wie er adjudant yn bûtengewoane tsjinst fan kening Willem III. Yn it kabinet-Rochussen, it kabinet-Van Hall-Van Heemstra en it kabinet-Van Zuylen fan Nijevelt-Van Heemstra wie er minister fan Oarloch. Hy wie in konservatyf politikus. Nei syn ministerwêzen wie er fan 1 july 1862 oant 1 novimber 1865 lid fan de Ried fan Steat. As militêr berikte er om 1879 hinne de rang fan luitenant-generaal.

De Casembroot skreau in deiboek oer syn jierren as gûverneur fan 'e kroanprins, dat er mei in weromblik deryn bewurke ta syn Herinneringen uit mijn leven gedurende mijne betrekking als Gouverneur van ZKH den Prins van Oranje.[1] It deiboek begjint op 10 febrewaris 1849 en einiget op 20 septimber 1858.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Meulen, Dik van der (2013) Koning Willem III 1817-1890, s. 296 (e-boek)