Edward R. Murrow Award (Radio Television Digital News Association)

De Edward R. Murrow Awards (net te betiizjen mei fjouwer oare prizen dy't deselde namme hawwe) binne in groep Amerikaanske sjoernalistike prizen dy't sûnt 1971 ienris yn it jier útrikt wurde troch de Radio Television Digital News Association (RTDNA) as erkenning foar wat dy organisaasje omskriuwt as "treflike prestaasjes op it mêd fan 'e elektroanyske sjoernalistyk".

Edward R. Murrow Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar sjoernalistyk
útrikt troch RTDNA
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1971
offisjele webside
www.rtdna.org

Oanmeldings foar de prizen wurde beoardiele troch in sjuery besteande út sjoernalistike ekspêrs, en regionale stjoerders wurde dêrby per regio beoardiele. De finalisten krije elts in Edward R. Murrow Regional Award en meie dan ek meidwaan foar de lanlike prizen. It is mooglik dat de sjuery kedizet dat net ien fan 'e meidoggers foar in priis yn oanmerking komt, wat betsjut dat der dan gjin priis yn dy kategory of regio útrikt wurdt. Bekende winners fan 'e Edward R. Murrow Award binne CNN, ABC News, CBS News, NBC News en ESPN. In folsleine list mei winners is beskikber op 'e webside fan 'e RTDNA.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.