Edzo Hendrik Toxopeus (Amersfoort, 19 febrewaris 1918Oegstgeest, 23 augustus 2009) wie in Nederlânske jurist en politikus fan de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD).

Edzo Toxopeus in 1966

Toxopeus wurke as advokaat fan 1945 oant 1959. Hy wie Twadde Keamerlid fan 1956 oant 1959 doe't er minister fan Ynlânske Saken waard yn it Kabinet-De Quay, in funksje dy't er ek dêrnei hie yn it Kabinet-Marijnen. Yn 1963 waard er Polityk lieder fan de VVD en tsjinne er as fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer yn 1963 en letter fan 1966 oant 1969. Dêrnei wied er fan 1970 oant 1980 kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân en fan 1980 oant 1988 wie er lid fan de Ried fan Steat. Yn 1985 waard er beneamd ta Minister fan steat.

As minister fan Binnenlânske Saken fierde Toxopeus ferskate wichtige herfoarmingen yn it amtnersapparaat troch, ûnder oaren in grutte ferheging fan de salarissen en ferbetterings fan de arbeidsbetingsten en de frije sneon waard yn 1961 ynfierd.

Nei de formaasje fan it kabinet Van Agt-Wiegel yn 1977 waard Toxopeus frege om minister van Finânsjes te wurden, mar hy wegere.

Edzo Toxopeus wie troud en hie twa bern. Hy hearde by de Evangelysk-Lutherske Tsjerke, mar gie yn 1997 oer nei de Doperske Tsjerke. Hy stoar yn de âldens fan 91 jier.

Keppelingen om utens

bewurkje seksje