Einlûdferskerping

De einlûdferskerping is in fonologysk proses wêrby stimhawwende rûzers en ploffers oan 'e wurdein feroarje yn stimleaze.

Fonematysk Fonetysk Stavering Meartal/ferlinge foarm
/wi:d/ [wi:t] wiid wide
/bli:d/ [bli:t] bliid blide
/krob/ [krop] krob krobben
/dra:v/ [dra:f] draaf drave
/hu:z/ [hu:s] hûs hûzen
/mu:z/ [mu:s] mûs mûzen
/la:ɣ/ [la:x] laach lagen

Yn dit oersicht wurde de rûzers wol stimleas wurde (f, s, x) mar de ploffers net (d, b).

  • De ferlinge of meartalsfoarmen binne yn oerynstimming mei de útspraak (d, b, v, z, g).
  • De net-ferlinge of meartalsfoarmen:
    • draaf, hûs, mûs en laach hawwe de rûzers f, s, ch oan 'e wurdein yn de fonematyske foarm. Dêrby is it skriuwteken yn oerynstimming mei de fonetyske foarm;
    • wiid, bliid en krob wurde skreaun mei de ploffers d en b oan 'e wurdein yn de fonematyske foarm. Dat is net yn oerienstimming mei de útspraak/fonetyske foarm.