It Embdena-Stadion is it stadion fan BSV Kickers Emden. De fuotbalklup út de Tredde Liga spilet der sûnt 1950.

Embdenastadion haadtribune

Oan it begjin fan seizoen 2005/2006 wie der plak foar 7.200 minsken yn it stadion. Eartiids hawwe der neffens offisjele sifers wol 12.000 fans yn it stadion west. De haadtribune fan it stadion is oerdekt mei 300 sitplakken plus steanplakken, de oarekant hat gjin dak, de noardtribune (eigen fans) is wol oerdekt en de súdtribune (gasten) net. At de hikken wat oars delset wurde is der plak foar 2.000 ekstra fans.

Yn 2007 en 2008 hellet BSV Kickers Emden ferskillende suksessen. Dêrtroch komme der hieltyd mear minsken nei de wedstriden en groeide it ferlet fan in grutter en moderner stadion. Under de wurknamme Ostfriesland Arena waarden plannen presintearre. Yn july 2007 waard der in stipeferiening oprjochte mei as doel de bou fan in nij stadion. Lykwols rekket de klup finansjeel yn swier waar en de klup kiest derfoar om mei yngong fan it seizoen 2009/10 frijwillich te degradearjen fan de Tredde Bundesliga nei de Oberliga Niedersachsen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje