Emil Adolf von Behring

Emil Adolf von Behring (Hansdorf, 15 maart 1854Marburg, 31 maart 1917) wie in Dútsk medikus. Tusken 1874 en 1878 studearre er foar dokter by it Dútske leger. Hy wie yn 't foarste plak in militêr genêshear. Letter waard hy professor fan hygiëne oan de Universiteit fan Marburg en dat soe er syn hiele libben bliuwe.

Emil Adolf von Behring
Filla Behring

Behring wie de earste dy't yn 1901 de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde wûn. Hy krige de priis foar it meitsjen fan in serum tsjin diftery en tetanus. Fanwege dy prestaasje waard er ek adele.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Die Blutserumtherapie (1892)
  • Die Geschichte der Diphtherie (1893)
  • Bekämpfung der Infektionskrankheiten (1894)
  • Beiträge zur experimentellen Therapie (1906)

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

Yn 1897 sieten Behring en Spinolla Elsa (dochter fan in dokter út Berlyn) op houliksreisheld yn de filla "Spinola" (no "Behring" hjitten) op Capri. Yn 19091911 wenne de ferneamde Russyske skriuwer Maksim Gorki ek yn dy filla.