Engeberchje
(Trochferwiisd fan Engenberchje)
It Engeberchje is in grêfhichte en archeologysk monumint op de Soester Eng yn Soest. It is in grêf út de Jonge Stientiid (sirka 2.500 – 2.000 f.Kr.). It berchje is opsmiten oer in grêfkûle. De deaden waarden altyd begroeven op hege, en dus drûge, plakken.
Yn it grêf leit nimmen mear. Neffens de ynformaasjepeal lei der ien mei de holle nei it noarden op de rjochterside yn de hoksen. It begraafplak is 2.10 m lang, 1.00 m breed en 1.00 m djip.
De heuvel is yngeand ûndersocht yn 1930 en as archeologysk monumint yn 1985 restaurearre. Yn Soest binne noch 12 grêfheuvels; noch 9 op De Stompert en 2 yn de Monnikenbosch by Amersfoart.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|