Enno Sirksena

(Trochferwiisd fan Enno Cirksena)

Enno Sirksena, ek bekend as Edzardisna, Enno Attena en Enno Syardsna, (* sirka 1380 - † sirka 1450) wie in Fryske haadling fan Norden, Greetsiel, Berum en Pilsum yn Eastfryslân. Hy wie de soan fan haadling Edzard II fan Appingen-Greetsiel en syn frou Doda tom Brok. Enno wie de tarieder foar de hearskippij fan it laach de Sirksena's oer Earsfryslân, dat mei de beneaming fan syn soan Ulrich Sirksena ta greve foarsjoen waard fan in formele basis.

De namme fan Enno syn earst frou is net oerlevere. Hy boaske syn twadde frou Gela Syardsna fan Manslagt († 1455), in dochter fan de haadling Affo Beninga fan Pilsum. Neidat Gela har ienige soan út in earder houlik, de haadling Liudward Sirksena ("Syrtza") fan Berum healswei de 15e iuw sûnder bern ferstoarn, wienen Gela en har nicht Frauwa Sirksena ("Sirtzena") de ienige erfgenamten fan de Sirksena famylje yn Berum. Enno gripe syn kans en troude Gela, syn soan Edzard út it earste houlik, troude Frauwa Sirksena en beiden adoptearen de famyljenamme Sirksena, it wapenskyld fan de famylje ynbegrepen.

Ut is earste houlik:

  • Edzard Sirksena, (1. troude mei Ennosna († 1438); 2. troude mei Frouwe (Sydzena) von Berum),
  • Doda, (troude mei Redward fan Westerhusen).

Ut it twadde houlik: