Epifanykatedraal (Tomsk)

De Epifanykatedraal (Russysk: Богоявленский собор, Bogojavlenski sobor) is in katedraal yn 'e Sibearyske stêd Tomsk.

Epifanykatedraal
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Tomsk
plak Tomsk
koördinaten 56° 29' N 84° 56' E
Arsjitektuer
boujier 1777-1817
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer
monumintale status Regionaal monumint
monumintnûmer 701410154550005
Webside
Side fan 'e katedraal
Kaart
Epifanykatedraal (Ruslân)
Epifanykatedraal

Skiednis bewurkje seksje

De Epifanykatedraal is ien fan 'e âldste tsjerken yn Tomsk. De tsjerke ferfong de tsjerke, dy't yn 1630 as in houten tsjerke boud waard. Yn it ramt fan de oprjochting fan in bisdom waard dy tsjerke yn 1666 in katedraal. De houten tsjerke waard ferskillende kearen troffen troch brân, mar hieltiten wer opboud.

De hjoeddeiske barokke katedraal fan twa ferdjippings waard yn 1777 boud.

Yn 1922 waard de rektor fan 'e tsjerke by it yn beslach nimmen fan de tsjerklike wearden arrestearre, om't dy derfan beskuldige waard saken efter te hâlden.

De tsjerke, dy't al yn 1920 ûnteigene wie, bleau noch aktyf oant 1930, doe't de earetsjinst ferbean waard en yn it gebou in fabryk ûnderbrocht waard. Nei't de tsjerke yn 1946 oan in skuonnefabryk oerdroegen waard wie it gebou hast net mear as tsjerke te werkennen. De tuorren waarden ôfbrutsen en op de fjouwerhoekige ûnderbou waarden lege piramidedakken set. Ek waarden der gebouwen oan tafoege en de foarmen fan 'e ramen feroare.

Nei de weromjefte oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke fûn sûnt 1997 in restauraasje en rekonstruksje plak, dy't troch de oblast Tomsk betelle waard. Yn it jier 2000 wie it wer safier dat de tsjerke yn gebrûk nommen wurde koe.

Reliken bewurkje seksje

Yn 'e tsjerke wurdt in relyk fan Sint-Pantaléon bewarre, dy't yn 'e 3e iuw libbe. Yn it alter fan 'e katedraal hinget in krúsbyld mei in stjer weryn in stikje hout fan it krús dêr't Jezus oan krusige waard. Sûnt 2003 is de katedraal yn it besit fan de replika fan in ikoan, dy't yn 'e Sovjet-tiid ferlern gien is en by de stifting fan 'e stêd troch Boris Godûnov skonken wie foar de earste tsjerke fan Tomsk. It oarspronklik troch Andrei Rûbljov skildere ikoan fan 'e Libbenjaande Trije-ienheid waard oant yn de lytste details rekonstruearre, sels de skuorren, gatten en spoaren fan restauraasjes dy't yn 'e rin fan seis iuwen ûnstien wiene waarden mei de heechste krektens reprodusearre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленский собор (Томск)