Epifanytsjerke (Jaroslavl)

De Epifanytsjerke (Russysk: Церковь Богоявления Господня) is in otterdokske tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke waard tusken de jierren 1684 en 1693 boud mei jild fan 'e hannelsman Aleksej Zûbtsjaninov en is benammen bekend fanwegen de fresko's en de tapassing fan keramyk yn 'e gevels. It plein dêr't de tsjerke oan stiet is ferneamd nei de Epifanytsjerke.

Epifanytsjerke

Богоявленская церковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
adres Bogojavlenskaja Plein 12
koördinaten 57° 37' N 39° 53' E
Tsjerklike gegevens
status museum
Arsjitektuer
boujier 1684-1693
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761510380410006
Webside
Side museum
Kaart
Epifanytsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Epifanytsjerke

De tsjerke makket diel út fan it Museum fan Jaroslavl en is simmerdeis iepen foar it publyk.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De fiif mei sipels bekroande tamboeren binne ryk dekorearre en ferheffe har boppe twa rigen fan kokosjniki. Op it suden fan 'e tsjerke is in oan \ e hillige Dimitri fan Vologda wijde kapel tafoege. Oan de noardlike kant is noch in kapel dy't oan it Lêste Oardiel is wijd. It ynterieur fan de sintrale tsjerke wurdt ferljochte troch njoggen grutte ramen.

De tsjerke waard yn 1693 beskildere troch in groep skilders ûnder lieding fan Dimitry Grigorjev en Fjodr Ignatjev.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Богоявления (Ярославль)