Epifanytsjerke (Solikamsk)
De Epifanytsjerke (Russysk: Богоявленская церковь; Bogojavlevskaja tsjerkov) is oarspronklik in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Solikamsk. De tsjerke hat hjoed-de-dei in museale funksje.
Epifanytsjerke
Богоявленская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
kraj | Perm | |
plak | Solikamsk | |
koördinaten | 59° 39' N 56° 46' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1687-1695 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 591510335300006 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 'e jierren 1687-1695 likernôch tagelyk mei de Trije-ienheidskatedraal boud op it plak fan in ôfbaarnde houten tsjerke, dy't oan Klemens I wijd wie. De bou fûn plak yn in tiid dat it de stêd ekonomysk foar de wyn gyng. De parochy fan 'e Epifanytsjerke wie in rike parochy en troch de rynske bydragen fan 'e parochianen koe de tsjerke yn in relatyf koarte tiid boud wurde. Fuort nei de foltôging fan 'e tsjerke yn 1695 ferneatige in brân it dak en de koepels. Yn 'e 18e iuw waard de tsjerke wol tsien kear troffen troch brân en jimmeroan wer renovearre.
Oarspronklik hie de tsjerke in lege klokketoer mei in kegelfoarmige ôfsluting. De fjouwerkante klokketoer waard yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw ferhege mei in achthoekige boppebou, itjinge fersakking en skuorren yn 'e muorren feroarsake om't de fûneminten it gewicht net drage koene. Yn 1938 waard de klokketoer foar it measte ôfbrutsen. Yn 1944 folge de bou fan in tintefoarmige ôfsluting fan 'e toer neffens in plan fan 'e arsjitekt F.M. Toltsiner yn 'e foarm fan 'e toer fan 'e Transfiguraasjetsjerke fan Solikamsk.
De koepels fan 'e tsjerke wiene oarspronklik mei griene keramyske tegels belein. Yn 'e 19e iuw waarden de tegels ferfongen troch houten daklaaien. Letter waarden de houten daklaaien ferfongen troch izerplaat en by in restauraasje waarden de âlde krusen ferfongen en de koepels fergulde.
Nei de revolúsje moast de tsjerke yn 1933 de doarren slute. Ynspannings fan 'e direkteur fan it museum fan 'e stêd om it hiele gebou as monumint te behâlden en oer te dragen oan it Solikamski-museum slaggen. Sa koe de ferneatiging fan it gebou tefoarren kommen wurde en bleau sawol it ynterieur as it eksterieur relatyf goed bewarre. Ek de fresko's en de ikonostaze mei ikoanen út de 17e oant 19 iuw binne bewarre bleaun. Yn 1945 waard de tsjerke op 'e nij foar de earetsjinst iepene, oant yn 1962 der wer in sluting en oerdracht oan it museum folge.
Ek tsjintwurdich wurdt de tsjerke noch troch it Museum fan Solikamsk brûkt foar eksposysjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside ru:Богоявленская церковь (Соликамск).
|