Ernst fan Haren
(Trochferwiisd fan Ernst van Haren)
Ernst fan Haren (1623-1701) wie in telch út in geslacht fan grytmannen (û.o. It Bilt en Weststellingwerf), wie in hege militêr en aktyf yn de Skoatterlânske Feankompanjy.
Hy wenne mei syn frou Catharina fan Oenema op it troch har erve 'Oenemastate' oan it hjoeddeiske gemeenteplein op It Hearrenfean. Dit span liet troch Mathias fan Pelckum in plafondskildering meitsje; mei de restauraasje hjirfan waard yn 1997 begûn.