Haadmenu iepenje

Yn 'e skiekunde, is in ester in ferbining fan in soer (organysk of anorganysk) mei in alkohol, dêr't alteast ien hydroksylgroep (-OH) ferfongen wurdt troch in alkylgroep (-O). Esters komme ornaris fan karbonsoer en in alkohol. Glyseriden, dat esters fan fetsoeren fan glyserol binne, binne wichtige esters yn de biology. Hja binne ien fan de haadklassen fan de lipiden, en foarmje it grutste part fan dierlike en plantaardige fetten.

Esters mei in licht molekulêr gewicht wurde ornaris brûkt yn geurmiddels en sitte yn eteryske oalje en feromoanen. Fosfody-esterbinings foarmje de rêchbonke DNA-molekulen. Nitraatesters, sa as nitroglyserine, dy't ferneamd binne om't hja tige eksplosyf wêze kinne, wylst polyester in wichtich plestik is. Esters hawwe ornaris in swiete geur en binne goed op te lossen.

It wurd ester waard foar it earst brûkt yn 1848 troch de Dútske skiekundige Leopold Gmelin, wierskynlik as in gearfoeging fan it Dútske Essigäther, (etylasetaat).