Jeropeesk Buro foar Lytse Talen

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn Fryslân is oprjochte as de Nederlânske ôfdieling fan de European Bureau for Lesser Used Languages (EBLUL). EBLUL waard oprjochte as gefolch fan in resolúsje yn it Europeesk Parlemint yn1982 as in ynternasjonale organisaasje mei as opjefte om de minderheidstalen yn de Europeeske Uny te ûntwikkeljen of te helpen ûntwikkeljen, en dêr ek foarljochting oer te jaan.

It Europeesk Buro hie in ynformaasjesintrum yn Brussel en in haadkantoar yn Dublin. It ynformaasjesintrum fierde ek jierrenlang in lobby by de Europeeske politike top foar subsydzjes en minderhedepolityk. Ta de aktiviteiten fan it Europeesk Buro hearden ek foarljochtingsgearkomsten op de jierlikse Europeeske taledei, 26 septimber. Ek behearde EBLUL ûnder de namme Eurolang in parseburo oer minderheidstalen.

Troch it weifallen fan de strukturele subsydzjes foar minderheidstalen yn de Europeeske Uny rekke EBLUL ein jierren '90 yn finansjele problemen rekke om nei ferrin fan tiid definityf te ferdwinen. EBLUL hie yn hast alle lidsteaten fan de EU in lidsteatkommisje.

De Nederlânske lidsteatkommisje EBLT besleat om selsstannich troch te gean doe't EBLUL ophold. By it EBLT binne op dit stuit sa'n 24 organisaasjes oansletten dy't opkomme foar it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu. It EBLT hâldt him dwaande mei lobbywurk op gemeentlik, provinsjaal, lanlik en Europeesk nivo en organisearret dêrnjonken elts jier manifestaasjes om stil te stean by de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes op 21 febrewaris en de Europeeske taledei op 26 septimber. It EBLT is húsfeste by Europeesk Kennissintrum Mercator.