Everwyn II fan Bentheim-Steinfurt

Everwyn fan Bentheim-Steinfurt (Bentheim, 1461 - 13 desimber 1530), greve fan Bentheim en Steinfurt en pânhear fan de hearlikheid Bredevoort oant 1513, wie nei Hendrik fan Stolberg steedhâlder foar de gubernator fan Fryslân, fan 1509 oant 1515.

Wapen Bentheim-Steinfurt

Hy hefte fanwegen dykreparaasjes en striid om Grinslân in soad belesting. Yn 1512 liet er Gerbrand fan Mockema en Jemme Herjuwsma ûnthalzje omdat hja gearspand hiene mei Edzard I fan Eastfryslân en de Grinslanners. In protte minsken, wêrûnder Jancko Douwama, sochten help tsjin syn bewâld by de Geldersken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bentheim, Everwijn van.

  • Geschiedenis van het graafschap Bentheim fan Wessel Friedrich Visch s.70
  • Drost en Geërfden van Bredevoort yn archieven.nl
  • Bestuur van de saksische hertogen over Friesland yn archieven.nl