De EyeToy is in digitale kamera, dy't wol wat hat fan in webkam, foar de PlayStation 2 en de PlayStation Portable. Mei help fan dy kamera kin de spiler sels meispylje yn it spultsje. Yn it earstoan waard de EyeToy makke troch Logitech, lettere ferzjes komme fan Nam Tai.

Playstation 2 mei EyeToy

Spesifikaasje

bewurkje seksje

De EyeToy kin mei in USB 2.0-ferbining oansletten wurde. Hy brûkt 50 mA en is 173 gram. De maten binne 44 mm × 53mm × 89mm en de kabel is 2m lang.

De EyeToy wie earst in idee fan Dr. Richard Marks, hy woe in webkam kombinearje mei Playstation 2. Hy wie lykwols net de earste mei it idee, want de Game Boy Kamera wie der al earder, lykas de DreamEye fan Sega. Mei it krêftigere Playstation 2 en modernere kamera's wiene der wol mear mooglikheden, dy't net kind hiene mei de Game Boy en Sega. SCEE London Studio die wat mei it idee, en kaam yn 2002 mei in konsept en fjouwer spultsjes. It idee wie in súkses en yn july 2003 waard de EyeToy mei it earste spultsje EyeToy: Play útbrocht.

  • EyeToy: Play
  • EyeToy: Groove
  • EyeToy: Antigrav
  • Sega SuperStars
  • U Move Super Sports
  • EyeToy: Chat - in fideofoan-systeem dat brûkt wurde kin mei help fan in netwurkoanpassing.
  • EyeToy: Play 2
  • Disney Move
  • Nicktoons Movin'
  • EyeToy: Monkey Mania
  • EyeToy: Kinetic
  • EyeToy: EduKids
  • EyeToy: Play 3
  • EyeToy: Operation Spy
  • Clumsy Shumsy (Phoenix Games Ltd.)
  • Rhythmic Star

Keppeling om utens

bewurkje seksje