De Fêsting Aarburg (Dútsk: Festung Aarburg) is in grutte fêsting yn it súdwesten fan it kanton Aargau yn Switserlân. De fêsting behearsket it oansjen fan it stedsje Aarburg en leit op in steile útrinner fan in berch.

Fêsting Aarburg
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Aargau
plak Aarburg
adres Palisadenweg, 4663 Aarburg
bysûnderheden
boujier 17e iuw
offisjele webside
Side Jugendheim Aarburg

Op it plak waard yn de iere 12e iuw in boarch boud, dy't de smelle trochgong oan de Aare kontrolearje moast en as residinsje fan de lânfâd tsjinne.

Nei't de stêd Bern it kastiel yn april 1415 nei in koart belis op ûnderdienigen fan de Habsburgers wist te feroverjen, waard it yn ferskate fazen grutter makke. Yn 1470 waard útein set mei de ferbouwing fan it paleis. Ek yn de 16e iuw fûnen feroarings plak, mar benammen tusken 1659 en 1673 liet de stêd Bern de boarch ta in mear as 400 meter lang fêstingskompleks útbouwe om it gebiet better ferdigenje te kinnen en om as finzenis te tsjinjen. It doel wie om de ferbining fan de twa protestantske stêden Bern en Zürich feilich te stellen tsjin katolike oanfallen.

Sûnt 1893 is yn de fêsting in kantonale justisjele jongereinynrjochting ûnderbrocht.

Oan de noardkant fan de slotgrêft stiet de kapel, dy't sûnt de bou fan de fêsting foar it grutste part noch oarspronklik is. De ienfâld fan it barokke ynterieur komt oerien mei de grifformearde soberheid. De preekstoel datearret út 1668, it koerstuolte is in pear jier jonger.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Festung Aarburg