F/A-18E/F Super Hornet

F/A-18E/F Super Hornet


Makker Lockheed Martin
Earste flecht 29 novimber 1995
Yn tsjinst 1999 oant no
Oare fariant Boeing EA-18G Growler
Tal makke sa'n 632 (oant 2020) [1]
Brûkers USAF Navy
Royal Australian Air Force
Kuwait Air Force
Fariant Boeing EA-18G Growler

De Boeing F/A-18E/F Super Hornet is in Amerikaanske oanfalsjager dy't operearret fan fleandekskippen ôf. It tastel is ûntwikkele út de F/A-18 Hornet. Yn 1992 bestelde de United States Navy de Super Hornet by McDonnell Douglas, dy't wilens oernaam is troch Boeing. De earste flecht wie ein 1995 en de earste lâning op in fleanddekskip yn 1997. Yn 1999 kaam er yn tsjinst as ferfanger fan de Grumman F-14 Tomcat. De Super Hornet hat de bynamme Rhino.

De Royal Australian Air Force (RAAF), dy 't sûnt 1984 de F/A-18 A as har wichtichste gefjochtsfleantúch brûkt hat, bestelde de F/A-18 F yn 2007 om har ferâlderjende General Dynamics F-111 C float te ferfangen. De Super Hornets fan de RAAF kamen yn desimber 2010 yn tsjinst. Yn febrewaris 2023 makke Boeing plannen buorkundich om de produksje fan de Super Hornet yn 2025 te beëinigjen.

 
De luchtynlaten fan de Super Hornet binne rjochthoekich, dy fan de Hornet binne ovaal

De Super Hornet liket in soad op de Hornet. De Rhino is lykwols is stik grutter en langer en kin mear wapens en branje meinimme. De motoren binne 35% sterker en kinne it tastel mei swierdere lading yn e loft hâlde en werom bringe nei it fleandekskip (bringback capacity). As YF-17 wie de Hornet ûngefear like swier as de Northrop F-5 wylst de Super Hornet sels swierder is as de F-15 Eagle. De Super Hornet hat lykwols in koartere radarecho.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje

De F/A-18C/D Hornet en F/A-18E/F Super Hornet ferlike

Feiten F/A-18C/D Hornet Feiten F/A-18E/F Super Hornet
Lingte: 17,07 m 18,32 m
Spanwiidte:
  • 11,43 m
  • 13,63 m
  • 9,32 m
Hichte: 4,66 m 4,88 m
Fleugeloerflak: 37,16 m² 46,45 m²
Fleugelbelesting:
  • minimaal (leechgewicht): 281 kg/m²
  • nominaal (normaal startgewicht): 453 kg/m²
  • maksimaal (maks. startgewicht): 684 kg/m²
  • minimaal (leechgewicht): 298 kg/m²
  • nominaal (normaal startgewicht): 459 kg/m²
  • maksimaal (maks. startgewicht): 644 kg/m²
Leechgewicht: 10.455 kg 13.864 kg
Normaal startgewicht: 16.850 kg 21.320 kg
Maks. startgewicht: 25.401 kg 29.937 kg
Maks. brânstofkapasiteit: 5.126 kg (yntern)
  • E-model: 6.532 kg (yntern)
  • F-model: 6.145 kg (yntern)
Grutste faasje: >Mach 1,8 >Mach 1,8
Tsjinstplafond: 15.240 m 15.240 m
Maks. klimfaasje: 254 m/s ?
Aksjeradius:
  • 537 km 1
  • om de 900 km (ûnderskeppingskonfiguraasje)
  • 720 km 1
  • 760 km (Eskortflecht; 2 × AIM-9 + 2 × AIM-120)
  • 1.065 km (Underskeppingkonfiguraasje)
Fleanberik:
  • 2.000 km (sûnder ekstra tanks)
  • 2.845 km (mei 3 ekstra tanks fan 1.250 l)
  • 2.345 km (sûnder ekstra tanks)
  • 3.055 km (mei 3 ekstra tanks fan 1.800 l)
Maks. fleantiid: 1 o 45 min 2 2 o 15 min 2
Bemanning:
  • C-model: Piloat
  • D-model: Piloat, Wapensysteemoffisier
  • E-model: Piloat
  • F-model: Piloat, Wapensysteemoffisier
Maksimale wapenlading: 7.711 kg 8.030 kg
Oandriuwing: twa General Electric F404-GE-402-Turbofans twa General Electric F414-GE-400-Turbofans
Driuwkrêft:
  • mei neiferbaner: 2 × 79,0 kN
  • sûnder neiferbaner: 2 × 53,3 kN
  • mei neiferbaner: 2 × 97,86 kN
  • sûnder neiferbaner: 2 × 63,47 kN
Turbine-Gewicht-ferhâlding:
  • maksimaal (leechgewicht): 1,55
  • nominaal (normaal startgewicht): 0,96
  • minimaal (maks. startgewicht): 0,64
  • maksimaal (leechgewicht): 1,44
  • nominaal (normaal startgewicht): 0,94
  • minimaal (maks. startgewicht): 0,67
Priis it stik: 29 miljoen US-Dollar 3 57 miljoen US-Dollar 3

1 Hi-Lo-Lo-Hi-Profyl mei 4 × GBU-31 + 2 × AIM-9 + 2 × ekstra tanks fan 1.800 l

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Navy takes delivery of final Block II Super Hornet, looks ahead to Block III". Naval Air Systems Command, U.S. Navy, 23 april 2020.