FC Twinte

(Trochferwiisd fan FC Twente)

Fuotbalclub Twinte is in Nederlânske fuotbalferiening út Ynskedee, dy't sûnt de oprjochting yn 1965 yn it betelle fuotbal sit. Allinich yn it seizoen 1983/84 spile FC Twinte net yn 'e earedifyzje. It motto fan de klup is: mear as in klup. Op de UEFA-ranglist stiet FC Twinte as fiifde Nederlânske klup op it 84e plak (2010). Yn it seizoen 2009/10 waard FC Twinte foar it earst winner fan 'e earedifyzje. Harren tradisjonele tenú is read, it stadion fan de Tukkers, sa wurde de spilers fan FC Twinte ek wol neamd, is de Grolsch Veste dêr't 24.000 minsken yn kinne.

FC Twinte
Oprjochte 1965
Plak Ynskedee
Stadion De Grolsch Veste
Kapasiteit 24.000
Trener Maurice Steijn
Kompetysje Earedifyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

FC Twinte waard stifte yn 1965 as in fúzje fan sportklup Ynskedee út de earedifyzje en Ynskedeese Boys út de earste difyzje. De petearen dêroer wiene al tsien jier earder begûn, mar de fúzje waard pas needsaaklik yn 1964 doe't sportklup Ynskedee in grut begruttingstekoart hie. Op 11 jannewaarje 1965 waarden der ferkiezings hâlden by de twa ferienings, beide sportklups giene akkoard en de nije klup krige de namme FC Twinte.

Seizoen Komp. Beker Jeropa
1965/66 11e (ERE) Earste omgong
1966/67 13e (ERE) Lêste 32
1967/68 8e (ERE) Lêste 4
1968/69 3e (ERE) Lêste 16
1969/70 4e (ERE) Lêste 4 JBS
1970/71 5e (ERE) Lêste 16 JBS
1971/72 3e (ERE) Lêste 32
1972/73 3e (ERE) Lêste 8 UEFA
1973/74 2e (ERE) Lêste 16 UEFA
1974/75 4e (ERE) Finale UEFA
1975/76 4e (ERE) Lêste 16
1976/77 9e (ERE) Winnaar
1977/78 4e (ERE) Lêste 32 EC II
1978/79 12e (ERE) Finale UEFA

De Gouden Jierren (1965-1979)

bewurkje seksje

Yn 'e earste jierren fan FC Twinte wie it net maklik foar de klup; de prestaasjes fan 'e klup wiene min en de skuld waard grutter, mar yn 1967 kaam de omkear: in spiler waard ferkocht foar in heal miljoen. Dêrtroch kaam der jild foar nije spilers en koe de skuld ôflost wurde. De prestaasjes waarden better en better. Yn it seizoen 1972/73 kaam FC Twinte yn 'e finale fan de UEFA-kup en de KNFB-beker. Mar de earste haadpriis kaam pas yn 1976/77, doe hat FC Twinte mei 3-0 de finale fan de KNFB-beker wûn. De stjerspilers fan it suksesteam wiene Frans Thijssen, Johan Zuidema, Jan bos, Arnold Mühren, Niels Overweg en letter ek Hallvar Thoresen, Pyt Wildschut en André fan Geveren. De winst fan de beker wie lykwols al de lêste yn fiifentweintich jier.

Degradaasje en Promoasje (1980-1992)

bewurkje seksje

Nei de gouden jierren giene in protte wichtige spilers fuort en dêrom waard de klup yn stee fan yn potensjele kampioen in potensjele degradaasjeklup. Yn 1982/83 waard FC Twinte yndie sechtjinde en degradearre de klup nei de earste difyzje. It wie al sa dat de klup it jier dêrnei gelyk wer werom kaam, mar ek yn de jierren dy't dêrop folgje, koe FC Twinte net mear de prestaasjes fan de gouden jierren werhelje en de klup bleaut yn de middenmoat. Dochs is FC Twinte yn dey tiid noch trije kear as tredde einige.

Fan Hast Fallyt Nei Lânskampioen (1993-2010)

bewurkje seksje

Yn de jierren dêrnei bleau FC Twinte hieltyd wat yn de middenmoat. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw wie der in grutte feroaring: der koe in nij stadion boud wurde. Yn 1998 waard it âlde Diekmanstadion wei dien foar de nije Grolsch Veste. Lykwols die yn 2004 bliken dat FC Twinte wer in skuld fan 3,1 miljoen hie; de klup balansearre op 'e râne fan it fallisemint. Mar de nije foarsitter Joop Musterman brocht FC Twinte der wer boppeop. Nei't Munsterman de skuld ferdwine litten hat, waard FC Twinte yn it seizoen 2009/10 lânskampioen.

Akkomodaasje

bewurkje seksje

De Grolsch Veste

bewurkje seksje
 
De Grolsch Veste

De thúswedstriden fan FC Twinte wurde yn de Grolsch Veste spile. It stadion stiet yn Ynskedee en de kapasiteit is 24.000 minsken. De earste peal fan 'e Grolsch Veste gie yn 1997 yn 'e grûn en op 10 maaie 1998 waard de earste wedstriid spile: FC Twinte-PSV Eindhoven waard 3-0. Doe hie it stadion noch mar 13.500 plakken. Yn 2007 begûn FC Twinte mei in útwreiding fan it stadion dat no kinne der 24.000 minsken yn it stadion. Der binne plannen om it stadion noch fierder út te wreidzjen nei 44.000 minsken (2010), dat de Grolsch Veste ien fan de stadions foar it Wrâldkampioenskip fuotbal 2018 wurde kinne soe. De gemeente hat al tastimming jûn foar de útbou.

Trainingsfjilden

bewurkje seksje

Doe't it nije stadion boud waard, moast FC Twinte sykje nei in nij plak om te trenen. Dat hat de klup fûn by it Fanny Blankers-Koen Stadion. It FBK-stadion waard folslein ferboud ta in moderne treningsakkomodaasje en der binne seis fuotbalfjilden makke. De trainingsfjilden fan FC Twinte lizze dêrmei yn Hengelo, wat spesjaal is omdat it stadion yn Ynskedee stiet. Ek is de jeugdoplieding yn Hengelo en spilet Jong Twinte harren wedstriden dêr.

Keppeling om utens

bewurkje seksje