Fabryksierdappel

ierdappels dy’t ferboud wurde om ferwurke te wurden ta ierdappelmoal

Fabryksierdappel is de beneaming dy’t fanâlds jûn wurdt oan de ierdappels dy’t ferboud wurde om ferwurke te wurden ta ierdappelmoal. It ferbouwen fan fabryksierdappels wurdt benammen dien yn de Grinzer Feankoloanjes. Yn dy streek, yn Feandam, sit ek it haadkantoar fan Avebe de wichtichste Jeropeeske ferwurker fan fabryksierdappels.

Fabryksierdappels en it setmoal dat der úthelle wurdt

Konsumpsje-ierdappels dy’t yndustrieel ferwurke wurde ta patat, ierdappelpuree en soksoarte wurde inkeld ûnterjochte fabryksierdappel neamd.